Podcast Zoeker

SportCast

SportCast

Sport & Recreatie  |  145 afleveringen

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify. "Er had zich één club gemeld en dat is FC Kruisband" is ûnderdiel fan de Kom fierder kampanje fan Omrop Fryslân. Benijd nei it ferhaal efter dizze kwoot? Sjoch dan hjir.   

PC Kafee: 2018Luister  

In dei foar de PC ûntfangt presintator Geert van Tuinen wer gasten yn it PC Kafee. It is de 165ste kear dat de PC holden wurdt. Dêrom bysûndere gasten oan tafel; de foarsitter fan de Belgyske keatsbuon Jerry Defour, trije debun en keatsleafhawwer Akkerman fat Lollum. Dêrneist skood in bekende ka…

Skûtsje Kafee: SKS 2018Luister  

Yn it Skûtsje Kafee wurdt foarútsjoen op it SKS skûtsjesilen kampioenskip dat 4 augustus fan start giet. Nije skippers Jappie Visser (Snits) en Rinus de Jong (De Jouwer) komme del. Wat binne harren kânsen dit jier en hoe fleane sy it kampioenskip oan? Skriuwers Frits Jansen en Eldert Meeter komm…

Freule Kafee: 2018Luister  

Op de foarjûn fan de Freule is it op tiisdei 7 augustus tiid foar it alderearste Freule Kafee. Yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels sjocht presintator Geert van Tuinen sjocht mei sidekick Sjoerd de Jong werom op syn Freulekeatstiid. Sjoerd de Jong ferlear trije kear dramatysk op de Freule…

Fierljep Kafee: 2018Luister  

It is alwer de fyfde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate it earste lustrum mei tal fan ljeppers dy't yn 1968 al aktyf wiene en dy't mei prachtige ferhalen komme oer de akkommodaasjes fan doe. Fierder sille we yngean op de nije technyk fan de topljeppers yn harren jacht op it Nederlânsk rekôr fa…

Skûtsje Kafee: IFKS 2018Luister  

It restaurant De Hinde yn Hylpen wie freedtejûn 17 augustus omtsjoend ta it Skûtsje Kafee. Yn it Skûtsje Kafee waard foarútsjoen op it IFKS-kampioenskip, dat sneon yn Hylpen fan start giet. Under oare foarsitter Sicko Heldoorn wie te gast, mar oare bekende gesichten en nijkommers. De muzyk wie f…

Skûtsje Kafee: 2019Luister  

De jûn foar't it skûtsjesilen losbarst sjogge we foarút mei skippers en bemanningsleden út de SKS en IFKS yn it Skûtsje Kafee. Te gast binne ûnder oaren de kampioenen fan 2018: Douwe Visser fan Grou en Geale Tadema fan Eastermar. Beide ha deselde adviseur oan board: Tammo Oosterhof, ek hy skoo…

PC Kafee: 2019 #1Luister  

Yn de earste PC Kafee fan 2019 is Joop Bierma, kening fan de PC fan it jier 1989 te gast. Ek Sake Porte, winner yn 1989 en 1999, skood oan de stamtafel fan presintator Geert van Tuinen oan. Fierder wurdt weromsjoen mei ferliezende finalisten Sietse van der Meer (1989) en Tjepco Miedema (1999). En wa…

PC Kafee: 2019 #2Luister  

Mei de dagen nimt de PC koarts ek ta. Op snein is it tiid foar nostalgy yn it kafee. Geert praat mei syn gasten wiidweidich oer de PC's fan 1969 en 1979. Om hjiroer mei te praten binne de winners fan 1969 te gast: Johan van Seijst en Sikke Sikkema. Yn it oare jier, 1979, wûn Sake Saakstra en koe Ts…

PC Kafee: 2019 #3Luister  

In dei foardat it heve sil op it Sjûkelân komme de keatsleafhawwers noch ien kear byinoar foar it PC Kafee. Op tiisdei binne reedrydcoach Jillert Anema, berne yn de keatshoeke, Folkert van der Weij (winner 2009) en in fytsende Belch te gast. En noch in tige bysûnder ferhaal fan in dief dy't goed …

Sportcast #1: "Jier fan de wierheid foar Gerry Hamstra"Luister  

Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vrie…

Sportcast #2: "Litte we no net de polonêze rinne"Luister  

Alle Hearrenfean-supporters seagen snein nei Teletekstside 819. Hearrenfean stiet boppe-oan. Wat in sukses. Wie Hearrenfean no echt sa goed? Wie Heracles sa min? We ha it der oer yn ús Sportcast mei ferslachjouwers Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. En we prate oer Cambuur, Nyck de Vrie…

Fierljep Kafee: 2019Luister  

It is alwer de sechsde edysje fan it Fierljep Kafee. We prate oer it FK fierljeppen, dat sneon 10 augustus holden wurdt. Presintator Gerrit de Boer en âld-skipper Bart Helmholt as sidekick beprate de rentree fan fierljeptoppers Marrit van der Wal, Anna-Jet Leyenaar en it seizoen fan Sigrid Bokma. S…

Sportcast #3: "It komt goed mei Cambuur, echt"Luister  

"Cambuur stiet nei trije wedstriden tink ikmei nul punten. Mar dochs komt it goed, echt." Cambuur-watcher Geert van Tuinen bliuwt entûsjast oer de mooglikheden fan de Ljouwerters. Yn dizze Sportcast prate ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Geert van Tuinen oer de seizoensstart fan C…

Sportcast #4: "Hearrenfean miste passy, beleving en dissipline"Luister  

In hearlike freedtejûn foar SC Cambuur en in waardeloaze sneontejûn foar sportklup Hearrenfean. Dat wie de konkluzje fan dit wykein. Mar wat gong der sa goed by de Ljouwerters en wat gong der mis by Hearrenfean? Ferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Geert van Tuinen prate der oer mei pre…

Sportcast #5: "Hâld fertrouwen yn Odgaard"Luister  

Claudio Gomes komt net nei Cambuur, fertrouwen hâlde yn Jens Odgaard en de bêste keatser fan dit momint. Dat binne in pear fan de ûnderwerpen dizze wike yn de sportcast. Ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber prate dizze moandei oer Cambuur, Hearrenfean, it WK judo en Taeke…

Freule Kafee: 2019Luister  

Yn It Reade Hynder yn Wommels ûntfangt presintator Geert van Tuinen de keatstoppers fan doe en no om foarút te sjen op de Freule: ûnder de jonges dé keatspartij dêr't it hiele jier nei ta libbe wurdt. Te gast binne ûnder oaren de nije foarsitter fan de Freule, Tjeerd Dijkstra, keatsers Jesper …

Sportcast #6: "Gerry Hamstra sit wol faker mis"Luister  

It is de lêste dei fan de transferperioade. Hearrenfean luts in tropyske ferrassing oan út Fjetnam, wylst Cambuur ien út Syprus weromhelle nei Nederlân. Presintator Andries Bakker praat mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Arjen de Boer en Andor Faber oer it lêste nijs, it NK fierljeppen en de …

Sportcast #7: "Cambuur spilet foar de top trije"Luister  

SC Cambuur hat spile, Tjisse Steenstra hat it punteklassemint by it keatsen wûn en Nyck de Vries is op wei nei de titel yn de Formule 2; genôch te bepraten. Sportferslachjouwers Arjen de Boer en Andor Faber liede jo tegearre mei presintator Andries Bakker troch it Fryske sportwykein.

Sportcast #8: "SC Hearrenfean sil meidwaan om de play-offplakken"Luister  

Yn dizze útstjoering komme ûnder oare SC Hearrenfean, SC Cambuur en de Fryske wrâldkampioenen Tristan Bangma en Liesette Bruinsma oan de oarder. Sportferslachjouwers Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries sille dy wer byprate oer de sport fan dit wykein. De presintaasje is yn hannen fan…

Sportcast #9: "Jens Odgaard sil de folgjende penalty net nimme"Luister  

In nije Sportcast en dat komt goed út, want der is in protte om oer te praten: SC Hearrenfean spile wer lyk, SC Cambuur komt moandei yn aksje, hoe giet it mei Epke Zonderland syn holtes en hoe docht Michel Vlap it yn België? De presintaasje is yn hannen fan Jantine Weidenaar. Sy besiket ferslachjo…

Sportcast #10: "Ik haw in foarkar foar gjin penalty foar VVV "Luister  

Presintator Andries Bakker en analisten Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries beprate yn dizze sportcast al it Fryske sportnijs en se krigen dizze kear help fan assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra. Dan komme fansels ferskate skiedsrjochterlike besluten foarby, mar ek Hearrenfean, Camb…

Sportcast #11: "Langwar wurdt takom jier net lêste yn de SKS"Luister  

Grut nijs út de skûtsjewrâld: Harmen Brouwer wurdt skipper op it skûtsje fan Langwar. Syn broer Sytse Brouwer wiel al skipper fan it skûtsje fan Hearrenfean. Yn dizze Sportcast belje we mei beide skippers. Fierder komme SC Hearrenfean, SC Cambuur en it WK turnjen foarby. Presintaasje is yn hann…

Sportcast #12: "Cambuur hat in spilersfûns fan ien miljoen euro"Luister  

SC Cambuur stiet sintraal yn dizze Sportcast. Algemien direkteur Ard de Graaf fan de Ljouwerters skoot oan by ús analisten Geert van Tuinen en Arjen de Boer en presintator Roelof de Vries. Sy prate ûnder oare oer de wedstriid tsjin MVV, it nije stadion en it spilersfûns.

Sportcast #13: "Wat hat Cees Roozemond eins goed dien by Hearrenfean?"Luister  

SC Hearrenfean wist ôfrûne wykein it sterke AZ mei 4-2 te ferslaan. Ek Cambuur pakte de trije punten. De Ljouwerters stjoerden TOP Oss mei in 5-1 nederlaach nei hûs. It meast bysûndere oan dy wedstriid wie lykwols net de grutte oerwinning, mar de produktiviteit fan Issa Kallon. Kallon like net s…

SportCast #14: "De kritiek doet me wel wat"Luister  

Yn de Sportcast fan ôfrûne wike sei Roelof de Vries dat Cees Roozemond eins noch neat goed dien hat by SC Hearrenfean. Dat freget om in reaksje fansels. Roozemond woe sels ek wol it ien en oar taljochtsje en dêrom skowde hy oan by analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber. De presin…

SportCast #15: "Hearrenfean hat mear echte mannen nedich"Luister  

Neist it fuotbaljen en it reedriden ek oandacht foar darten yn dizze Sportcast. Dêrom is ús dartanalist Mats Gies te gast yn dizze útstjoering.

SportCast #16: "Cambuurkommissaris Jan Koster is in plúsplakker"Luister  

SC Hearrenfean en SC Cambuur belibben in prima wykein: beide wûnen se mei 2-1. Op bestjoerlik flak is it by beide lykwols net allegear positiviteit.

Sportcast #17: "Van den Belt sei dat der neat by komt en ek neat fuortgiet"Luister  

SC Hearrenfean wie frij en dus gie it yn dizze Sportcast benammen oer SC Cambuur. En hellet Sven Kramer wol wer ris syn âlde nivo?

Sportcast #18: "In steltsje wezelingen wienen it, benaude skiep"Luister  

SC Cambuur en SC Hearrenfean moasten beide yn Eindhoven fuotbalje ôfrûne wykein. Hearrenfean kaam nei in minne earste helte krekt tekoart tsjin PSV (2-1). SC Cambuur wûn wol: FC Eindhoven waard mei 3-0 ferslein. Yn de Formule E makke Nyck de Vries syn debút en hellet Epke Zonderland de Olympyske…

Sportcast #19: "Cambuur moat gewoan kampioen wurde"Luister  

It wie wer in moai wykein foar de Fryske betelle fuotbalklups. Hearrenfean wûn mei 3-2 fan Vitesse en Cambuur wûn mei 3-1 fan Jong AZ. Yn dizze Sportcast hawwe wy hjir wiidweidich omtinken foar. Geert van Tuinen en Andor Faber binne dizze kear de analisten. As spesjale gast praat ek âld-Omropmeiw…

Sportcast #20: "It kontrakt fan Johnny Jansen moat ferlingd wurde" Luister  

De Sportcast stiet dizze kear folslein yn it teken fan it betelle fuotbal yn Fryslân. SC Hearrenfean wûn mei 3-1 fan RKC Waalwijk en ek SC Cambuur pakte trije punten. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn mei 4-2 fan FC Dordrecht. Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer binne dizze kear de…

Sportcast #21: "Cambuur ferliest fan Feyenoord"Luister  

We meitsje it net in protte mear mei, SC Hearrenfean en SC Cambuur dy't beide ferlieze. Us analisten Arjen de Boer, Geert van Tuinen en Roelof de Vries sykje nei in ferklearring foar dizze nederlagen yn in farske Sportcast.

Sportcast #22: Jubelstimming by Fryske betelle fuotbalklupsLuister  

SC Hearrenfean en SC Cambuur kinne mei in goed gefoel weromsjen op de earste seizoenshelte. Hearrenfean hat in plakje yn de middenmoat, dêr feroare in 1-1 lykspul tsjin Heracles Almelo neat oan. Cambuur is sels winterkampioen en pakte ek noch trije punten by Excelsior: 3-1. Yn dizze Sportcast sjogg…

Sportcast #23: "Femke Kok wurdt de Heiden fan it frouljusreedriden" Luister  

De fuotbalklups hawwe winterskoft en dus hawwe wy rom de tiid foar in oare sport, reedriden. Dit wykein waard it NK Ofstannen ferriden op It Hearrenfean. Tegearre mei ús gasten Letitia de Jong, Douwe de Vries en Henk Hospes analisearret Andor Faber it toernoai. Roelof de Vries fersoarget de presint…

Sportcast #24: "Mei Kallon wurdt Cambuur kampioen"Luister  

SC Hearrenfean en SC Cambuur binne op trainingskamp. De Fryske bettele fuotbalklups riede harren ta op de twadde seizoenshelte. Njonken it fuotbaljen beprate ús analisten Andor Faber, Roelof de Vries en Arjen de Boer it NK Shorttrack. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

Sportcast #25: "Henk de Jong hie earder wikselje moatten"Luister  

SC Cambuur is net goed út de winterstop kaam. De Ljouwerters ferlearen yn eigen hûs mei 2-1 fan FC Volendam. Dêrnjonken wie it EK Ofstannen op Thialf mei in protte Nederlânske medaljes. Foar ús analisten Arjen de Boer, Roelof de Vries en Andor Faber falt der dus wer in protte te bepraten yn in …

Sportcast #26: "De fuotbalwrâld sil in echte leafhawwer misse."Luister  

It ferstjerren fan Chris de Wagt hâldt us ferslachjouwers yn de Sportcast ek dwaande. Ferslachjouwers Roelof de Vries en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan Andries Bakker oer de wedstriden fan Hearrenfean, Cambuur, mar toch foaral ek oer âld-fuotballer en trainer Chris de Wagt. "It wie in l…

SportCast #27: "Henk de Jong nimt Doke Schmidt yn beskerming"Luister  

Der is de lêste wiken in soad sein oer de ferdigening fan SC Cambuur. Doke Schmidt makke in oantal flaters en waard freed sels nei de bank ferwiisd troch trainer Henk de Jong. It is ien fan de ûnderwerpen dêr't ús ferslachjouwers it yn de Sportcast oer hawwe. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor…

Sportcast #28: "Espejord falt allinne op troch syn tatoeaazjes"Luister  

It Fryske fuotbalwykein begûn mei de wrâldgoal fan Robert Mühren foar SC Cambuur. It Fryske fuotbalwykein einige mei de desepsje fan SC Hearrenfean yn Sittard. Fansels kaam alles wer oan bar yn de Sportcast. Ferslachjouwers Arjen de Boer, Andor Faber en Geert van Tuinen prate ûnder lieding fan A…

Sportcast #29: "Koest Henk de Jong in aai yn de kont siede"Luister  

Sportklup Hearrenfean knokte foar de trije punten, mar pakte der mar ien. SC Cambuur die itselde en pakte de trije punten krekt wol. Mar it wie wol spannend, foaral by Cambuur yn de lêste minuten, doe't MVV noch hast de lykmakker makke. En dus makke ferslachjouwer Geert van Tuinen de opmerking: "Ko…

SportCast #30: "It is absolút gjin krisis by SC Hearrenfean"Luister  

It wurd "krisis" falt as it oer SC Hearrenfean giet. De ploech fan trainer Johnny Jansen ferlear foar de fjirde kear dit kalinderjier. SC Cambuur wûn troch in doelpunt fan Giovanni Korte mei 1-0 fan Almere City en set de konkurrinsje dêrmei fierder op efterstân. We prate dizze wike mei ferslachjo…

SportCast #31: "Se falle by SC Cambuur by boskjes om"Luister  

It iennige wat SC Cambuur noch fan promoasje ôfhâlde kin, binne it tal blessueres. Issa Kallon, Robin Maulun, Jamie Jacobs, Mitchel Paulissen en Jarchinio Antonia binne de lêste wiken blessearre rekke en dat is reden ta soarch. By SC Hearrenfean binne der nei it lykspul tsjin ADO Den Haag oare so…

SportCast #32: Sandor van der Heide wol haadtrainer wurdeLuister  

It gie allegear net hiel ienfâldich, mar Cambuur is nei de oerwinning op jong PSV wer in stap tichter by promoasje nei de earedifyzje. Spesjale gast Sandor van der Heide is dúdlik oer it kampioenskip: "De doelstelling is promoveren, het kampioenschap is bijzaak. Ook al worden we derde achter De Gr…

SportCast #33: "Nije Cambuurstadion moat de namme fan Henk de Jong krije"Luister  

Mei noch tsien wedstriden te gean, komt it kampioenskip foar SC Cambuur hieltyd tichterby. As de Ljouwerters kampioen wurde, dan fynt Arjen de Boer dat it nije stadion de namme fan trainer Henk de Jong krije moat. "As it allegear slagget, dan hat Cambuur trije kear kampioen west, wêrfan't twa kear …

SportCast #34: Epke siket in loads: "Acht meter heech graach!"Luister  

It coronafirus hâldt ek yn 'e sport elkenien yn 'e besnijing. De fuotbalkompetrysjes lizze stil, mar kin der dêrnei wer fuotballe wurde. Sportferslachjouwers Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen beprate de aktuele sitewaasje.

SportCast #35: Ald-Cambuurspiler Koen Brack yn Italië: "Het is écht ongelooflijk"Luister  

Ek al leit de sport troch it coronafirus folslein plat, der falt noch altyd genôch te bepraten. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik âld-Cambuurspiler Koen Brack. Hy spile mear as hûndert wedstriden foar de Ljouwerters, mar wennet en fuotballet no al jierren yn…

SportCast #36: Michel Vlap: "Huntelaar schiet er vijftien tot twintig in voor Heerenveen"Luister  

Coronakrisis of net, der falt altyd genôch te bepraten oer de sport. Dizze wike dogge we dat yn de SportCast mei in spesjale gast, nammentlik Michel Vlap. Ferline seizoen waard de Snitser mei sechtjin doelpunten topskoarder by SC Hearrenfean en dêrmei fertsjinne er in transfer nei de Belgyske topk…

SportCast #37: "Wil de trainerscursus gaan doen door Henk en Sandor"Luister  

Unwissens hâldt de fuotbalwrâld noch altyd yn de besnijing. Wurdt it seizoen no wol of net útspile? Wer reden genôch om dêroer te praten yn in nije SportCast. Spesjale gast is SC Cambuur-oanfierder Erik Schouten. Dêrnjonken bellet ek de Fryske direkteur fan NAC Breda yn, Luuc Eisenga. Want hoe…

SportCast #38: "Ik zou niet onder Roozemond kunnen werken, wel naast hem"Luister  

It aventoer yn Australië is hommels oan de ein kaam foar Gertjan Verbeek. Hy is coach fan Adelaide United, mar troch de coronakrisis makke de klup syn lean net mear oer. Verbeek is mei ien fan de lêste fluchten fan Australië nei Nederlân kaam en sit no yn Dalfsen yn karantêne mei frou en dochte…

SportCast #39: "Bij Cambuur heb ik de mooiste tijd gehad"Luister  

Yn 2013 wurdt Dwight Lodeweges de nije trainer fan SC Cambuur. De Ljouwerters binne it seizoen dêrfoar kampioen wurden yn de earste difyzje en binne klear foar de oerstap nei it heechste nivo. Lodeweges foarmet dat seizoen mei Henk de Jong in geweldich duo. Letter stapt de coach oer nei SC Hearrenf…

SportCast #40: "De KNVB-prosedure wie technysk sjoen tige amateuristysk"Luister  

Foar dizze wike soene we de namme SportCast ek ynruilje kinne foar de RjochtCast, want it ferieningsrjocht is it wichtigste ûnderwerp yn de nije edysje. Hoefolle kâns makket SC Cambuur as it nei de rjochter stapt, om't de klup it net iens is mei it KNVB-beslút rûnom promoasje en degradaasje. It …

SportCast #41: Jansen sjocht komst Huntelaar wol sittenLuister  

It earste seizoen fan Johnny Jansen as haadtrainer fan SC Hearrenfean sit derop. In nuver ein fansels fanwege it coronafirus. Alle reden om mei him werom én foarút te sjen. Yn de nije SportCast fertelt de Noardwâldster oer hoe't er it belibbe hat en oer syn winsken foar takom seizoen. Wêrby't je…

SportCast #42: "Die Gudde is een soort autist en totaal ongeschikt"Luister  

It binne spannende wiken foar elkenien dy't SC Cambuur in waarm hert tadraacht. Ofrûne freed wie it koart pleit tsjin fuotbalbûn KNVB, tongersdei folget wierskynlik de útspraak. Yn de rjochtbank giet it om de arguminten, mar de emoasjes binne der fansels ek. En hielendal by Ype Smid, earefoarsitt…

SportCast #43: "Sûnder kloaten nei de hoerekast"Luister  

It is rêstich rûnom SC Hearrenfean, mar der falt fansels genôch te bepraten. Hoe grut binne de gefolgen fan de coronakrisis op de klup? Kinne Chidera Ejuke en Joey Veerman behâlden bliuwe? En is Klaas-Jan Huntelaar mooglik de nije spits? Alle reden om it te bepraten mei earefoarsitter Riemer van…

SportCast #44: "Volendam zit op het vinkentouw"Luister  

"Het zijn cruciale posities, absoluut." Technysk manager Foeke Booy is dúdlik: Cambuur is drok dwaande mei in keeper en mei in spits. Fan de seleksje fan no lizze der achttjin spilers ek foar folgjend seizoen fêst, mar de 'kop en de staart' moatte noch ynfold wurde. Binne Sonny Stevens en Robert M…

SportCast #45: "Ik kan er best wel emotioneel van worden"Luister  

Maarten de Jong mist 'syn' SC Hearrenfean. De man dy't fan 1984 oant en mei 1995 foar de klup spile draacht de titel 'Mister Hearrenfean', mar it iennige dat er noch foar de klup docht, is dat er clinics jout oan de jeugd. En dat it net mear is, docht him sear. Hy praat deroer yn de nije SportCast, …

SportCast #46: "Peter deed tok-tok in het gezicht van de vierde official"Luister  

Mei assistint-trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur is der yn de nije SportCast in tûzenpoat te gast. Njonken dat er fuotbaltrainer is, kin er ek aardich sjonge en der liket ek noch in karriêre as ûndernimmer yn te sitten. Genôch reden dus om by te praten mei de man dy't Henk de Jong en Sando…

SC Hearrenfean 100 jier #1: "Abe wie better as Cruijff"Luister  

SC Hearrenfean bestiet dit jier 100 jier. Yn it ramt dêrfan makket de sportredaksje seis podcasts mei ferskate tema's. Mei earefoasitter Riemer van der Velde, sjoernalist Johann Mast en eardere ploechgenoat Gilles Veenstra beprate wy yn 'e SportCast wat Abe Lenstra betsjut hat foar SC Hearrenfean. …

SportCast #47: "Grote vissen laten zich niet zo makkelijk vangen"Luister  

It koe wolris in drokke simmer wurde foar Gerry Hamstra, de technysk manager fan SC Hearrenfean. De seleksje fan de Feansters moat behoarlik fersterke wurde en tagelyk hawwe spilers as Chidera Ejuke en Joey Veerman in tige goed seizoen hân, wêrtroch't der foar harren belangstelling komme kin. Yn d…

SC Hearrenfean 100 jier #2: "Het liefst zou ik je nu uit het vliegtuig willen gooien"Luister  

Sportklup Hearrenfean ferraste yn it seizoen 1999/2000 elkenien troch twadde te wurden yn de earedifyzje. Dêrmei helle SC Hearrenfean de Champions League. Mei keeper Hans Vonk, ferdigener Gérard de Nooijer en oanfaller Anthony Lurling sjogge we werom op it seizoen dat se Champions League hellen en…

SportCast #48: "Berghuis was de eerste die me feliciteerde"Luister  

Der binne net in soad Friezen dy't oait foar it grutte Feyenoord spile hawwe, mar sûnt koart is Mark Diemers der ien fan. Hy tekene ôfrûne freed in trijejierrich kontrakt yn De Kuip en ferkeas dy klup boppe FC Grins, dat him ek hawwe woe. Hy fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast...

SC Hearrenfean 100 jier #3: "It wie in mirakel!"Luister  

SC Hearrenfean promovearret yn 1990 fia de neikompetysje as allerearste Fryske klup nei de earedifyzje. It is in wûnderbaarlike ûntknoping nei in fierder teloarstellend seizoen. Hearrenfean einiget yn 'e kompetysje as nûmer 16. Trainer Ab Gritter wurdt op strjitte set en wurdt ferfongen troch Fri…

SportCast #49: "Ik ben een product van de Heerenveen-opleiding"Luister  

Yn de wyklikse SportCast is fuotbaltrainer Alex Pastoor ús gast. Hy is op it stuit trainer yn Eastenryk by SCR Altach. Doelstelling wie hanthaveningop it heechste nivo en dat is slagge. Pastoor hat it goed nei it sin by de klup dêr't er syn aktive fuotbalkarriêre ôfsletten hat, mar hy slút in …

SC Hearrenfean 100 jier #4: "Na de bekerwinst kon ik wel 20 keer trouwen"Luister  

17 maaie 2009 is foar in soad Hearrenfean-supporters in dei dy't se noait ferjitte sille. Hearrenfean wint foar it earst yn de histoarje de beker. Yn de finale winne se nei penaltys fan FC Twente. Tegearre mei Gerald Sibon, Michel Breuer, Michael Dingsdag en Geert Arend Roorda sjogge werom nei de ro…

SportCast #50: "Eerste paal in voorjaar 2021"Luister  

Nei moannen mei promoasjestress, de oanfolgjende finansjele swierrichheden en dan ek nochris fertraging by de bou fan it nije stadion, wie der de ôfrûne wiken lang om let wer wat te laitsjen by SC Cambuur. De seleksje is sa goed as kompleet en sterkhâlders as Sonny Stevens en Robert Mühren bliuw…

SC Hearrenfean 100 jier #5: "Die mensen konden je wel opeten!"Luister  

Sportklup Hearrenfean hat yn harren 100-jierrich bestean hiel wat moaie wedstriden spile, mar de meast beladen potsjes binne dochs dy tsjin SC Cambuur. Omdat Hearrenfean 20 july 100 jier bestiet sjogge we yn seis podcasts werom om ferskate tema's. Dit kear dogge we dat oer de twastriid tusken Hearre…

SportCast #51: Roozemond hopet stadionhier flink te ferleegjenLuister  

De seleksje fan SC Hearrenfean hat op it stuit fakânsje, mar dat jildt net foar oare ôfdielings binnen de klup. Sterker noch: technysk manager Gerry Hamstra is smoardrok mei it gearstallen fan de seleksje en algemien direkteur Cees Roozemond bûget him ûnder oare oer de coronamaatregels en it eff…

SC Hearrenfean 100 jier #6: "Huntelaar kaam noch in fiskje iten, mar woe net weromkomme"Luister  

Sportklup Hearrenfean hat in lading oan superspitsen hân. Afonso Alves, Camataru, Dost, Van Nistelrooij, Huntelaar, Finnbogason en sa kinne we noch wol efkes trochgean. Mei eare-foarsitter Riemer van der Velde en âld-skout Bert Pijffers sjogge we werom en beprate we de bêsten. Se meitsje alle twa…

SportCast #52: "Angst om de confrontatie aan te gaan"Luister  

Op de jierdei fan SC Hearrenfean, dat moandei it hûndertjierrige bestean fiert, is Jan de Jonge te gast yn de nije SportCast. Hy kaam oer trije ferskate perioaden út foar de Feansters: ien kear as spiler, in kear as assistint-trainer en as haad jeugdoplieding. Op dit stuit is De Jonge trainer fan …

SportCast #53: "FC Kruisband heeft zich gemeld"Luister  

Gruttere ûngeloksfûgels as Jordy van Deelen binne der yn de fuotbalwrâld no net te finen. Hy spile de lêste fjouwer seizoenen foar SC Cambuur, mar de ôfrûne twa jier waard er pleage troch knibbelblessueres. Ien kear skuorde er syn krúsbân ôf, de folgjende kear siet er mei de binnenbân fan …

PC Kafee: 2020Luister  

Yn it PC Kafee praat Geert van Tuinen mei kening Dirk Talsma fan 1970 en ferliezend finalist Johan van Seijst út datselde jier. Ek Klaas Berkenpas, Dirk-Jan van der Woud (winners yn 2000) en Chris Wassenaar (ferliezend finalist 2000) binne te gast. En we geane ek nei de PC fan 2010, mei winner Dani…

SportCast #54: "Cambuur moat mar net winne fan FC Emmen"Luister  

Sportklup Hearrenfean hat noch gjin yndruk makke yn de earste oefenwedstriid fan dit seizoen. Se ferlearen mei 1-0 fan NAC Breda. "Al sjogge je dúdlik dat se guon spilers noch misse", stelt ferslachjouwer Roelof de Vries. Cambuur hat lykwols trije oefenpotsjes op rige wûn. De lêste tsjin PEC Zwol…

SportCast #55: "Ik ben destijds bij Cambuur de deur uitgewerkt"Luister  

Mark de Vries wurdt yn syn tiid by SC Cambuur in cultheld. Hy skoart oan de rinnende bân en wint by Cambuur sels 'de Gouden Schoen' foar bêste fuotballer fan de Earste Difyzje. Mei De Vries prate we oer syn tiid yn Skotlân by Hearts of Midlothian, oer it healjier by sportklup Hearrenfean, mar toc…

SportCast #56: "Als speler had ik dit niet geaccepteerd van mijn aanvoerder"Luister  

Gerald Sibon is alwer efkes fuort by Hearrenfean, mar de klup giet him noch altyd oan it hert. "Tuurlijk, ik ben een clubman." Sa sprekt Sibon him yn dizze Sportcast út oer de kwaliteiten fan dizze seleksje, oer de krityske wurden fan oanfierder Joey Veerman nei de pynlike 5-1 nederlaach tsjin De G…

SportCast #57: Henk de Jong siik thúsLuister  

Cambuur-trainer Henk de Jong hie ferline wike búkgriep en wie dêrom efkes net op de klup. Moandei kaam dêrby dat syn frou ek siik is. Dus koe hy wér net oan it wurk sa't er dat sels wol. Syn frou wurdt moandei test. De Jong hat wol efkes op de klup west en op ôfstân mei wat minsken praat. Mar …

SportCast #58: Henk Veerman: "In de breedte is het nog te licht"Luister  

Dizze wike is Henk Veerman, de nije spits fan SC Hearrenfean, te gast. Hyis de man dy't SC Hearrenfean it kommende seizoen fan doelpunten foarsjen moat. Freed waard de Volendammer presintearre en saterje stie er al yn de basis yn de oefenwedstriid tsjin VfL Osnabrück.

SportCast #59: "Ik stean op it fjild, ik hear oerwâldlûden, ik stap fan it fjild. Wêrom docht gjin ien dat?"Luister  

"Cambuur moat gewoan fan it fjild ôfstappe." It ûnderwerp rasisme by de wedstriid fan ôfrûne sneon tusken MVV en Cambuur (1-7) is ek yn de Sportcast in ûnderwerp. Sa fynt Roelof de Vries dat eltsenien dy't yn it stadion sit mear ferantwurdlikheid nimme moat. Issa Kallon waard de ôfrûne jierre…

SportCast #60: Robert Mühren genietet yn Ljouwert: "Een genot om hier elke week te spelen"Luister  

It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is…

SportCast #61: "Joey Veerman? Dy jonge is fabuleus"Luister  

Wa't ein augustus sein hie dat SC Hearrenfean nei twa wedstriden koprinner wêze soe fan de earedifyzje, wie warskynlik foar gek ferklearre. Alle wedstriden yn de tarieding waarden ferlern, mar nei Willem ll (2-0) bûnen de Feansters ek Fortuna Sittard (3-1) oan de oerwinningsrige. Der wurdt wiidwei…

SportCast #62: Issa Kallon oer ynteresse: "Er speelt wel wat"Luister  

De grutte man oan de kânt fan SC Cambuur wie freed Issa Kallon. Hy skoarde fjouwer kear tsjin Jong FC Utrecht. Yn de Sportcast prate we mei de Cambuur-oanfaller. We prate ûnder oare oer ynteresse fan oare klups: "Er speelt wel wat." We prate ek oar it sukses fan SC Hearrenfean, dat nei njoggen wed…

SportCast: #63: Drokke Deadline Day foar Hamstra en BooyLuister  

It is tiisdei 'Deadline Day', de lêste dei dat fuotbalklups spilers keapje en ferkeapje meie. Der stiet by sawol SC Hearrenfean as SC Cambuur noch it ien en oar te gebeuren. Dêrom prate we yn de Sportcast mei de twa technyske managers fan de betelle fuotbalklups. Gerry Hamstra en Foeke Booy fertel…

SportCast #64: "Ik vind NAC niet de favoriet"Luister  

"Als je de aanvalspatronen terug ziet komen, denk ik dat we heel goed bezig zijn. We hebben zeker geen klagen. We maken veel, mooie goals. Veel goals zijn ook trainbaar, daar geniet ik echt van. Dat is bijna wekelijks genieten. Voor iedereen." Martijn Barto is loovjend oer de ploech dêr't er spitse…

SportCast #65: "In Breda gaan we al uit van de periodetitel"Luister  

NAC Breda mist troch corona miskien wol de helte fan syn basisteam, dochs gean se der yn Breda al hast fanút dat de earste perioadetitel nei NAC ta giet. Sa seit klupwatcher Yadran Blanco fan BN DeStem. "We hebben stiekem al een filmpje opgenomen, dat we er vanuit gaan dat de periodetitel naar NAC …

SportCast #66: "Ik zou heel graag trainer van Cambuur willen worden"Luister  

It wie wer in poerbêst fuotbalwykein foar de Fryske klups: Cambuur helle de perioadetitel en it bearesterke SC Hearrenfean fersloech FC Emmen. Genôch om oer nei te praten yn de nije SportCast, mar der wurdt ek fêst foarútsjoen. Woansdei spilet Cambuur tsjin RKC Waalwijk, dêr't âld-Cambuur-keep…

SportCast #67: "PSV is skofterich"Luister  

"Mei ik dat sa sizze? Ja, eins wol, ik fyn it skofterich." Ferslachjouwer Geert van Tuinen hat it oer PSV, dat fan 'e moarn pas bekend makke dat de wedstriid tsjin Cambuur fan moandeitejûn net trochgiet. Neffens Rik Elfrink fan it Eindhovens Dagblad binne der no tsien gefallen fan corona by PSV. We…

SportCast #68: "As FC Utrecht Henk de Jong hellet, dan helje se in suksestrainer"Luister  

It wie foar de beide Fryske betellefuotbalklups net sa'n suksesfol wykein: Jong Ajax en AZ namen yn totaal seis punten mei yn de bus nei Noard-Hollân. SC Hearrenfean wie kânsleas tsjin in goed fuotbaljend AZ en SC Cambuur miste kâns op kâns, wêrtroch't Jong Ajax mei de oerwinning nei hûs gie. …

SportCast #69: Foppe de Haan: "Cambuur wurdt kampioen"Luister  

SC Hearrenfean kaam dit wykein net yn aksje fanwege de wedstriden fan it Nederlânsk alvetal, wylst SC Cambuur snein de flier oanfage mei konkurrint Almere City. Genôch reden om troch te praten oer it fuotbalwykein en om djipper op dé klup fan ús gast yn te zoomen. Dat dogge we yn de SportCast me…

SportCast #70: "Bytsje earmoedich dat SC Hearrenfean it balbesit lit oan RKC"Luister  

SC Hearrenfean kaam tsjin RKC Waalwijk net fierder as in lykspul (1-1), mei troch in betide reade kaart foar Sieben Dewaele. Dochs steane de Feansters keurich op it sechde plak yn de earedifyzje. Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fierder oer dy wedstriid. Ek giet it oer SC Cambuur, dat D…

SportCast #71: "It is ûnbegryplik dat it stichtingsbestjoer krekt no in bom leit"Luister  

Fuotbaljend hat SC Cambuur alles perfekt op 'e rit, mar dêrbûten is it de lêste wiken flink yn 'e war. Earst kaam it nijs dat de bou fan it nije stadion stillein wurdt en in pear dagen lyn ûntplofte de bom yn de Ljouwerter bestjoerskeamer. Genôch om oer te praten yn de nije SportCast. Fansels g…

SportCast #72: "Ik vind Siem de Jong niet een logische keuze"Luister  

Nei in wedstriid mei twa gesichten, ha SC Hearrenfean en PSV snein de punten ferdield. We prate der oer mei âld-Hearrenfeancoach Gertjan Verbeek. Syn boek waard ferline wike presintearre, mar mei Verbeek is der altyd wat te bepraten. We sjogge werom op SC Hearrenfean-PSV, hy is kritysk oer de komst…

SportCast #73: "Zonder Sandor hadden we vorig jaar een groot probleem"Luister  

Wer net geweldich spylje, mar wol wer winne. It is it ferhaal mominteel fan SC Cambuur. De Ljouwerters stean fier oan kop. We prate mei Mitchel Paulissen oer wêrom't it no sa goed giet, oer syn konkurrint Robin Maulun en oer assistint-trainer Sandor van der Heide. En we sjogge werom op it duel tusk…

SportCast #74: "Sipke Hulshoff moat kieze tusken Ajax of Feyenoord"Luister  

Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mit…

SportCast #75: "Der binne tefolle spilers dy't by Hearrenfean net thus jouwe"Luister  

It is winterstop, mar der spilet genôch by SC Hearrenfean en SC Cambuur om te bepraten. Hearrenfean sil him fersterkje, mooglik mei Tibor Halilovic. Mar wat moat der noch mear by? En Cambuur is op wei nei promoasje. Of gean der noch spilers fuort? En yn dizze podcast binne jim it net fan us wend, m…

SportCast #76: "Siem de Jong hopet op Hearrenfean-debút snein: Ik kan gewoon spelen"Luister  

SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en dat docht it suksesfol. Mar wie it echt wol de beste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjocht…

SportCast #77: "Dit is Heerenveen-onwaardig"Luister  

Trainer Johnny Jansen fan Hearrenfean siet snein troch corona thús mei sjachrijn op de bank te sjen nei de nederlaach fan syn ploech tsjin Fortuna Sittard. Jansen miste de spirit, de gif en neamt it "Hearrenfean-onwaardig". We prate mei Jansen oer de wedstriid, oer de komst fan nije spilers en oer …

SportCast #78: "De reedrydbubbel is ien fan de feilichste plakken op de wrâld"Luister  

Der wie in hiele hoop lucht foar nedich, mar dizze wike is de reedrydbubbel opblaasd. Hast 300 riders en harren coaches binne de kommende wiken yn Fryslân om dochs noch in pear ynternasjonale wedstriden te riden. Alle reden foar in ekstra SportCast om foarút te sjen op it EK sprint en allround fan…

SportCast #79: "Ik soe graach ha dat Sandor oer in pear jier myn plak oernimt"Luister  

Reitsje se by SC Cambuur al in bytsje yn panyk nei't der de lêste twa wedstriden mar ien punt pakt is? En hoe is de stimming by SC Hearrenfean nei wer gjin oerwinning? Fragen dy't yn de SportCast oan 'e oarder komme. Trainer Henk de Jong fan Cambuur is te gast en sa no en dan skoot der ek efkes in …

SportCast #80: "Hearrenfean hat echt in hiel grut probleem"Luister  

Twa bysûndere gasten yn de Sportcast dizze wike: we prate mei Reza Ghoochannejhad, âld-fuotballer fan sportklup SC Hearrenfean en SC Cambuur. Hy skoarde dit wykein in hattrick foar PEC Zwolle. En we belje mei Peter Houtman, âld-fuotballer fan ûnder oare Feyenoord en no stadionspeaker yn De Kuip.…

SportCast #81: "Ik ga ze niet vertellen hoe je mensen dwars doormidden schopt"Luister  

Yn de nije SportCast is der wer in hoop te bepraten. Sa pakt SC Hearrenfean fjouwer punten út de lêste twa wedstriden, rekkenet SC Cambuur ôf mei it anty-fuotbal fan MVV én is it ek nochris Deadline Day: de dei dat spilers foar it lêst in transfer meitsje kinne. Om dy reden hinget technysk mana…

SportCast #82: “Ik ha in soad respekt foar de fakmân Sven Kramer”Luister  

It Wrâldkampioenskip ôfstannen fynt plak fan tongersdei 11 febrewaris oant 'e mei 14 febrewaris yn it Thialf-stadion. Sân Fryske reedriders dogge mei oan dit toernoai. Se libje mominteel oer it algemien al wike yn in bubbel. Sa ek coach Jillert Anema. Fanútsyn hotel praat hy yn dizze Sportcast m…

SportCast #83: "Ik vind de Elfstedentocht verschrikkelijk"Luister  

Sportklup Hearrenfean spile sneontejûn tsjin Vitesse. Foar us reden om mei Vitesse-supporter Marcel van Roosmalen te beljen. We prate mei him oer dy wedstriid, oer wat hy mei Hearrenfean en Cambuur hat en oer de Alvestêdetocht. We ha ek kontakt mei Michel Vlap. De Sniters is krekt ferhierd fan And…

SportCast #84: "Ik wil net zo goed worden als Davy Klaassen"Luister  

SC Cambuur-spiler Jamie Jacobs is mei syn goals en assists de middenfjilder mei it measte rendemint yn de Keuken Kampioen Divisie. De Cambuur-spiler is te gast yn de Sportcast. We prate oer it naderende kampioenskip, oft se klear binne foar de Earedivyzje en we ha in Mystery Guest. En we ha it oer d…

SportCast #85: "Sa moai fûn ik it"Luister  

Dat de 'Derby van het Noorden' tusken SC Hearrenfean en FC Grins snein yn in 1-1 lykspul einige, is net sa'n grutte ferrassing. Dochs is der genôch reden om oer dy wedstriid nei te praten en dat dogge we yn de SportCast mei in spesjale gast: Feanster middenfjilder Lasse Schöne. Ek is der yn der yn…

SportCast 86: "Ajax neemt de beker veel serieuzer"Luister  

It is foar SC Hearrenfean de wedstriid fan it jier: de heale finale fan de beker tsjin Ajax. Woansdei wurdt dat duel spile en dus is der yn de SportCast alle reden om foarút te sjen op dy wedstriid. Dat dogge we mei in Ajax-saakkundige dy't ús alle ins en outs fan de klup fertelt. Ek belje wy efke…

SportCast #87: Ynteresse foar Joey Veerman fan Ajax? "Foar minder as 10 miljoen euro net prate"Luister  

Sportklup Hearrenfean helle in goed resultaat tsjin ADO Den Haag, mar it spul is noch altyd net om oer nei hûs te skriuwen. Cambuur giet fierder mei goed prestearjen, wûn fan Telstar en is noch altyd op wei nei promoasje. We beprate yn de SportCast de beide klups, sjogge nei wat beslissingen fan s…

SportCast #88: "Ferdomme, litte we dy klup helpe"Luister  

It giet him bot oan it hert. En dat is te fernimmen as hy yn de SportCast oer 'syn' SC Hearrenfean praat. Earefoarsitter Riemer van der Velde is te gast om te praten oer it fuotbal by de Feansters en hy docht in emosjonele oprop oan alles en elkenien dy't Hearrenfean leaf hat. Ek giet it yn dizze Sp…

SportCast #89: "SC Heerenveen is totaal niet in balans"Luister  

Hy wûn as trainer in Europa Cup mei Anderlecht, waard kampioen mei Ajax en is no benammen ferneamd om syn fuotbalanalyzes op Twitter: Aad de Mos. Yn de SportCast sykje we kontakt mei de âld-fuotbaltrainer dy't syn ljocht skine lit oer it middenfjild fan SC Hearrenfean, de kânsen fan SC Cambuur yn…

SportCast #90: Van den Belt: "Wil komende drie jaar doorgaan"Luister  

Der hat it lêste healjier in soad te dwaan west oer Gerald van den Belt, direkteur by SC Cambuur. De bestjoerlike ûnrêst kaam yn novimber nei bûten, doe't Van den Belt oanjoech op te stappen as Ype Smid foardroegen wurde soe as nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Sa fier kaam it net.…

SportCast #91: Michel Vlap: "Ik raak heel weinig ballen aan"Luister  

Michel Vlap sjocht him noch alle wiken de eagen út yn de Bundesliga. De Snitser fuotballer dy't troch Arminia Bielefeld hierd wurdt fan Anderlecht fjochtet mei syn ploech tsjin degradaasje. Bielefeld stiet op it ien-nei-lêste plak yn Dútslân en sil yn elts gefal noch ien klup foarby moatte. Yn d…

SportCast #92: Ype Smid: "Van den Belt was bang voor mij"Luister  

"Van den Belt zei dat ie niet alles tegen me durft te zeggen. Dat hij bang voor me is. Althans, zo kwam het op me over." Earefoarsitter Ype Smid sprekt him foar it earst sûnt de Cambuurkrisis út oer dy situaasje yn de Sportcast. We prate mei Ype Smid oer syn relaasje mei finansjeel direkteur Geral…

SportCast #93: Foeke Booy bliid mei earedifyzjeLuister  

As SC Cambuur net promovearre wie, dan hie Foeke Booy nei dit seizoen fuortgien. Dat fertelt de technysk manager fan de Ljouwerters moandei yn de SportCast. Mei Booy sjogge we foarút nei folgjend seizoen, wannear't Cambuur besykje sil om yn de earedifyzje te bliuwen. It giet oer Robert Mühren, Mar…

SportCast #94: Ferhâlding Roozemond en Foppe en Riemer rint wer in dûk opLuister  

Algemien direkteur Cees Roozemond en klupikoanen Foppe de Haan en Riemer van der Velde sitte oer in goeie moanne wer mei-inoar om tafel. Ofrûne wike hawwe de beide partijen praat oer de takomst fan SC Hearrenfean. Dat petear begûn muoisum, seit sportferslachjouwer Roelof de Vries: "It hat der wol …

SportCast #95: SC Cambuur kampioenLuister  

By SC Cambuur genietsje se noch altyd nei fan de lêste wiken. Earst wie der de promoasje nei de earedifyzje, dêrnei de titel en ôfrûne wykein wie der de huldiging. "Jongens, we hawwe sa'n protte moaie mominten meimakke, da's net normaal", fertelt trainer Henk de Jong yn de SportCast. Mar, nei tr…

SportCast #96: Ferry de HaanLuister  

Fiif kear sei Ferry de Haan 'nee' tsjin in oanbieding fan in klup om dêr oan de slach te gean. NEC, NAC Breda, Feyenoord, FC Emmen en FC Twente krigen allegearre nul op it rekest. Mar doe't Cees Roozemond him benadere foar in rol as technysk manager, hoegde hy net lang nei te tinken.

SportCast #97: Takom seizoen wurdt foar Johnny Jansen in eksamenjierLuister  

SC Hearrenfean is it seizoen einige as de nûmer tolve fan de earedifyzje. En dat is likegoed sportyf as finansjeel besûnder teloarstellend yn dit jubileumjier.SC Hearrenfean sakke yn de twa lêste wedstriden tsjin Emmen en Sparta fier troch de ûndergrins hinne en trainer Johnny Jansen krijt aard…

SportCast #98: "Als ik praat over dit seizoen krijg ik pijn in mijn buik"Luister  

Fuotbalklup SC Hearrenfean is yn it jubileumseizoen teloarstellend as tolfde einige. Mar ien kear earder yn 'e kluphistoarje einige de klup leger op 'e ranglist. Dat wie yn 1991, doe degradearre de ploech nei de Earste Difyzje. Yn in ekstra lange SportCast binne wy te gast yn it Abe Lenstra stadion …

Sportcast #99: "In Volendam had niemand dit verwacht"Luister  

Hy hie ferskate opsjes, mar úteinlik kiest oanfaller Robert Mühren net foar SC Cambuur mar foar thúskommen. De kommende trije jier fuotballet de spits foar FC Volendam. "Dit fielden je wol oankommen, dit ferrast my totaal net," seit Geert van Tuinen yn de SportCast. Mar yn Volendam is de fernuver…

SportCast #100: Sipke Hulshoff: "Ik wol oait noch haadtrainer wurde"Luister  

Yn dizze jubileumedyzje fan de SportCast praat Sipke Hulshoff oer syn oergong nei Feyenoord.It is in dream dy't útkomt. Fan de nûmer seis fan de earedifyzje nei de Rotterdamske Kuip.

SportCast #101: EK-special mei Johan ZuidemaLuister  

Yn de SportCast prate wy wiidweidich oer it Europeesk kampioenskip fuotbal en dat dogge wy mei âld-ynternasjonal Johan Zuidema. Zuidema spile yn it ferline by De Westerein, SC Cambuur, FC Twente, NEC en Ajax en kaam twa kear út foar it Nederlânsk alvetal.

SportCast #102: Jan Kromkamp: "Italië is mijn favoriet!"Luister  

Ald-ynternasjonal Jan Kromkamp (11 ynterlannen) fan Makkingea seit yn de SportCast dat er sjarmearre is fan Italië. "Italië speelt het leukste voetbal, lekker fris, lekker aanvallend. Ik hoop ook dat ze winnen."

SportCast #103: Theo de Jong: "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden"Luister  

Theo de Jong fan Ljouwert spile fyftjin kear foar it Nederlânsk alvetal. Hy is ferwûndere oer it matige en tamme spul fan Oranje yn de wedstriid tsjin Tsjechië. Dat fertelt er yn de SportCast. "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden."

Sportcast #104: Pieter Huistra beskikber as bûnscoach?Luister  

Pieter Huistra is wat bûten byld rekke. De lêste fjouwer jier fiert hy suksessen yn Oezbekistan, mar hy tinkt oan in weromkear op de Nederlânske fuotbalfjilden. Hy slút sels de rol fan bûnscoach net út, fertelt er yn de SportCast. "Moatst altiten grut tinke en leauwe yn dyn eigen kwaliteiten. …

SportCast #105: Erwin Zeinstra: "Wy binne tige grutsk oer hoe't it gien is"Luister  

Erwin Zeinstra is werom yn Dronryp. Sneintejûn flagge er de EK-finale op Wembley tusken Italië en Ingelân. "Wy binne tige grutsk oer hoe't it gien is", seit er yn de SportCast. Dêryn fertelle ek twa oare Fryske assisint-skiedsrjochters, Jan de Vries en Hessel Steegstra, har ferhaal.

SportCast #106: Tom Boere en Xavier MousLuister  

De ien moat Robert Mühren opfolgje by SC Cambuur en de oar wol de nije keeper fan sportklup Hearrenfean wurde. Tom Boere en Xavier Mous binne hjoed te gast yn de Sportcast. Dêryn prate we mei harren oer de tarieding en oer de tiid dat Boere en Mous tegearre by FC Oss spilen.

SportCast #107: Quenten MartinusLuister  

De Olympyske Spelen binne dwaande yn Japan. In Ljouwerter dy't al hiel lang yn Japan fuotballet, is Quenten Martinus. Al seis jier lang spilet er yn de J-League, it heechste nivo yn Japan. "Ik zie mezelf voorlopig nog niet terugkeren in Nederland."

SportCast #108: Johnny Jansen ûntkent ûnrest oer oanfierder: "Deze week meer duidelijkheid"Luister  

It wurdt dizze wike dúdlik wa't kommend seizoen oanfierder wurdt fan SC Hearrenfean. Dat fertelt trainer Johnny Jansen yn de SportCast. Der soe ûnrêst oer it oanfierdersskip wêze, om't Henk Veerman de bân net drage wol. Dêr is neffens Jansen gjin sprake fan.

#109: Erik Schouten: "Wij willen er ook hele goede spelers bij, maar maken ons geen zorgen" Luister  

Dit wykein begjint de earedifyzje mei twa Fryske klups. Hearrenfean hat in bettere tarieding hân as ferline jier, by Cambuur hie dat better kind. Benammen troch in soad coronagefallen wie de tarieding net optimaal. We prate deroer mei Cambuur-oanfierder Erik Schouten.

#Sportcast 110: Michel Vlap: "Heerenveen was niet concreet genoeg"Luister  

Yn dizze Sportcast beljewe mei Michel Vlap. Hy makke dit wykein syn debút by FC Twente. En fansels beprate we de lêste wedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.

SportCast #111: "De druk stond al op de ketel toen ik aangenomen werd"Luister  

"Ik ben blij dat ik weer op het veld sta, het is alleen jammer dat de resultaten nog niet goed zijn. Dat geeft toch de nodige spaning", dat seit Almere-trainer Gertjan Verbeek yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

SportCast #112: Ferry de Haan rekkenet net op AZ-transfer Joey Veerman: "Op dit moment niet reëel"Luister  

By SC Hearrenfean geane se der net fanút dat Joey Veerman ferkocht wurdt oan AZ. Snein fertelde de Volendamse middenfjilder dat de Alkmaarders 4.5 miljoen euro op him bean hawwe. It gat mei de fraachpriis is te grut, al wol technysk manager Ferry de Haan fan Hearrenfean net op bedraggen yngean.

SportCast #113: It lêste nijs op Transfer Deadline DayLuister  

Mei noch in pear oeren te gean yn de transferperioade nimme we it lêste nijs troch mei ferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber. Wat dogge SC Hearrenfean en SC Cambuur hjoed?

Fierljep Kafee 2021Luister  

Yn it Fierljep Kafee wurdt troch presintator Gerrit de Boer mei gasten foarútsjoen nei it FK fierljeppen en weromsjoen op it ljepseizoen. Oan'e oarder komme: Weromsjen op it FK 2011 mei Thewis Hobma as kampioen Foarútsjen op nije skânsen foar Drylts en It Heidenskip In spektakulêre kollum fan He…

SportCast #114: "Sam Hendriks kinne wy no al ôfskriuwe"Luister  

It seizoen is noch mar kwalik begûn, mar no al doart Cambuur-watcher Andor Faber de earste pittige konklúzjes te luken. "Fan Tamas Kiss kinne wy noch in soad ferwachtsje en Sam Hendriks kinne wy ôfskriuwe."

SportCast #115: Keeperstrainer Etienne Stomp hâldt op by CuraçaoLuister  

As keeperstrainer fan Curaçao reizget Etienne Stomp de hiele wrâld oer, mar no set hy in punt efter syn ynternasjonale karriêre. Dat makke hy bekend yn de SportCast fan Omrop Fryslân.

SportCast #116: Milan van Ewijk giet foar 'Dumfries-rûte': "Maar wel op eigen manier"Luister  

It liket Milan van Ewijk wol wat: deselde rûte bewannelje dy't Denzel Dumfries ek ôflein hat. Fan de amateurs nei in lytse klup yn de earedifyzje, om dan fia sc Hearrenfean nei in topklup yn Nederlân te gean. Dêrnei is in grutte kompetysje yn it bûtenlân it einstasjon.

SportCast #117: Henk de Jong hat takomst yn 'e holle: "Mei jonge minsken om de âlde garde hinne"Luister  

Noch in pear jier trainer wêze fan SC Cambuur en dan in stapke werom dwaan binnen de klup. Henk de Jong tinkt alfêst nei oer syn takomst en fertelt yn de SportCast fan Omrop Fryslân dat Cambuur wol ris syn lêste klup wêze kin yn it betelle fuotbal.

SportCast #118: Piet Keur: "Heerenveen is een sloom elftal"Luister  

As je allinnich sjogge nei de ranglist, dan tinke je dat sc Hearrenfean it goed foarinoar hat. Mar yn de SportCast is earder publyksleaveling Piet Keur hurd yn syn oardiel: "Heerenveen heeft een sloom elftal, er zit totaal geen passie in. Als die slomigheid er uitgaat, dan wordt het misschien nog wa…

SportCast #119: Alex Bangura: "Ik droom ervan om ooit bij Chelsea te spelen"Luister  

Alex Bangura is oant no ta de revelaasje by SC Cambuur. De linkerferdigener dreamt yn de SportCast hurdop oer syn takomst. "Ik droom ervan om bij Chelsea te voetballen. Vroeger was ik een enorme fan van Didier Drogba, ik vond hem echt geweldig. Zo is de liefde voor Chelsea ontstaan."

SportCast #120: Hearrenfean treft ideale skoansoannen: "Zouden met m'n dochters uit mogen"Luister  

sc Hearrenfean treft yn FC Utrecht in ploech dêr't de druk der fol op stiet. De kâns is grut dat de basis fan de klup út de Domstêd sneon op de skop giet.

SportCast #121: De assistinten fan Johnny Jansen: "Het halen van de play-offs is niet reëel"Luister  

"Diep in ons hart willen we strijden voor de play offs, maar dat is niet reëel", seit assistint-trainer Peter Reekers fan sc Hearrenfean. Ole Tobiasen is it mei him iens. "We moeten dat verwachtingspatroon bijstellen, maar de buitenwacht ziet ons nog altijd als een subtopper."

SportCast #122: "sc Hearrenfean hat ferlern troch in arbitrale dwaling"Luister  

Skiedsrjochter Martin van den Kerkhof en fideoskiedsrjochter Robin Hensgens hiene yn it duel tusken sc Hearrenfean en Vitesse yngripe moatten by minimaal twa sitewaasjes. Dat fynt assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra.

SportCast #123: 'Mister Hearrenfean' Maarten de Jong: "Ze juichen als eilandjes"Luister  

Nei trije ferliespartijen pakte sc Hearrenfean ien punt tsjin promovendus NEC. Maarten de Jong is kritysk op de ploech en op trainer Johnny Jansen. "Er zit geen teamspirit in. Ze maken de 1-1, maar juichen als eilandjes. Dat is veelzeggend", sa seit 'Mister Hearrenfean'.

SportCast #124: Sandor van der Heide is no gelokkich: "Ik mis het voetbal niet"Luister  

Sandor van der Heide wit noch net oft er weromkomt yn it fuotbal. Hy wie oant dizze simmer assistint-trainer fan SC Cambuur, mar is no gelokkich bûten it fuotbal.

SportCast #125: Gert Kruys oer Cambuur: "De play-offs halen is niet onmogelijk"Luister  

Gert Kruys hat lovende wurden oer foar SC Cambuur. De âld-trainer fan de Ljouwerters is ûnder de yndruk. "Misschien gaan ze wel super verrassen. Dat we een stunt krijgen. Dat ze de play-offs voor Europees voetbal halen."

SportCast #126: Cambuurdirekteur Ard de Graaf: "Als er één gaat, dan voor de hoofdprijs"Luister  

De kommende jierren sil Cambuur in spiler ferkeapje boppe de oardel miljoen euro, seit algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. "Dat gaat 100 procent zeker gebeuren, daar twijfel ik geen seconde aan."